Springe nei ynhâld

Marijetsjerke (Larnaka)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 sep 2024 om 21.01 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Side makke mei "{{Ynfoboks tsjerkegebou | namme = Sint-Marijetsjerke | ôfbylding = Terra Santa Our Lady of Grace Catholic Church, Larnaca, Cyprus.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | lân = {{Flagge CY}} Syprus | bestjoerlike ienheid 1 = | namme bestjoerlike ienheid 1= | bestjoerlike ienheid 2 = | namme bestjoerlike ienheid 2= | bestjoerlike ienheid 3 = | namme best...")
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Sint-Marijetsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
plak Larnaka
adres Terra Santa Street 1
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1842-1848
Webside
cypruscatholicchurch.org
Kaart
Marijetsjerke (Syprus)
Marijetsjerke

De Sint-Marijetsjerke of folút de katolike tsjerke fan Us-Leaffrou fan 'e Genede (Terra Santa Our Lady of Grace Catholic Church) is in roomske tsjerke yn 'e Syprioatyske stêd Larnaka.

Sûnt 1593 binne Fransiskanen yn Larnaka oanwêzich. It hjoeddeiske roomske tsjerkegebou is de tredde yn in rige fan trije gebouwen, dy't op itselde plak boud waarden. De earste stien fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard op 10 july 1842 lein en op 8 desimber 1848 troch pater Bernardino Trionfetti, de kustos fan it Hillige Lân, offisjeel en plechtich ynwijd. De gevel waard pas yn 1993 foltôge.

De tsjerke heart by in Fransiskaansk kleasterkompleks, dêr't njonken de tsjerke en it kleaster ek in âldereinhûs by heart. De arsjitekt, de Fransiskaan Serafino Da Roccascelima, ûntwurp de tsjerke en liet him dêrby ynspirearje troch de Súd-Italjaanske tsjerkearsjitektuer fan 'e 17e en 18e iuw. It grûnflak fan 'e tsjerke is yn 'e foarm fan in latynsk krús.

De Us-Leaffrou fan 'e Genedetsjerke stiet yn it noardeastlike stedsdiel fan Larnaka oan 'e Terra Santa Street 1.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: