Springe nei ynhâld

Eddy Becker

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 sep 2024 om 17.28 troch Drewes (oerlis | bydragen) (wurk)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Eddy Becker yn 1983

Eddy Becker, berne as Eddy Beuker, (11 april 1947) is in Nederlânske diskjockey, radio - en telefyzjepresintator en sjonger.

Libben en wurk

Ynearsten woe Becker muzikant wurde. Nei syn middelbereskoaloplieding waard er sjonger en gitarist by de band The Explosions. In pear jier letter waard er as ynfaller bassist en sjonger by Willy & His Giants. Syn muzikale karriêre waard lykwols net wat er derfan ferwachte en dêrom besleat om diskjockey te wurden. Hy die ûnderfining op by VARA's Popshow en yn 1966 waard er de opfolger fan Veronica's nijslêzer Harmen Siezen.

Ynienen moast er, fanwegen it ûntbrekken fan in tape, live it moarnsprogramma Ook Goeiemorgen presintearje. Doe doopte Willem van Kooten him om ta Eddy Becker, omdat dat better rymde mei "de man mei de wekker". It brocht him in soad sukses en hy soe dit programma hast trije jier lang presintearje. Yn 1968 brocht er ek twa singles út: Felicidad, de roddel fan de stêd (ien fan de Nederlânske teksten op de muzyk fan de Spaansktalige hit La Felicidad fan Digno Garcia, dêr't it duo Johnny en Rijk harren karnavalshit Pa wil niet in bad makken), en M'n tante die weet van wanten. It earste helle it tredde plak yn de Veronica Top 40, de twadde flopte. Letter presintearre er, faak tegearre mei Rob Out, noch gâns programma's foar Radio Veronica.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: