Syprioatyske ezel

De Syprioatyske ezel is in ezelras dat op it eilân Syprus libbet. Der binne twa haadsoarten. De grutte donkere ezel hat in bleke snút en in wite búk en is nei alle gedachten fan Europeeske oarsprong. Dêrnjonken is noch in lytsere grize Afrikaanske soarte, dy't likernôch 20% fan 'e totale populaasje foarmet. It wie yn 2002 in bedrige ras en de totale populaasje waard doe op 2.200 oant 2.700 ezels rûsd.[1] It oantal ferwyldere ezels is sûnt de beskerming foars tanommen.

Syprioatyske ezels.

Neffens in skriuwen fan 'e argimandryt Kyprianos libben der yn 1788 ferwyldere ezels yn 'e bercheftige kriten fan Akamas en Karpasia. Sûnt de prehistoarje oant de 20e iuw wie de ezel ûnmisber yn it plattelânslibben op it eilân.

Op it skiereilân Karpasia yn it troch Turkije besette noardlike diel fan Syprus libbet noch in populaasje fan 'e Syprioatyske ezels yn ferwyldere steat. Se binne dêr nei de Turkske ynvaazje fan 1974 troch flechtsjende Gryksk-Syperioatyske boeren efterlitten. Yn 2008 krewearren Gryksk-Syprioaten en Turksk-Syprioaten foar de ezels om se foar útstjerren te behoedzjen, nei 't tsien fan 'e ezels fûn waarden dy't deasketten wiene.[2]

Ezels yn it Nasjonale Park Karpasia.

Yn 2024 sloech in debat yn Turkije oer it deameitsjen fan omrinnend lytsfee oer nei Noard-Syprus mei't yn Turkije de krante Sözcü mei de kop "Litte we de ezels fan Noard-Syprus eutanasearje" de Syprioatyske ezels yn it debat luts. Boeren yn Karpasia klagen nammentlik oer it opfretten fan harren gewaaks en dat se der in bulte tiid mei kwyt wiene om de bisten fan 'e ikkers te jeijen. Neffens de natoerbeskermingsorganisaasje fan Rizokarpaso is der lykwols yn Noard-Syprus gjin sprake fan it eutanasearjen fan ferwyldere ezels en waard der yn Turkije besocht om de Syprioatyske ezels te brûken om ûnder minsken stipe foar it eutanasearjen fan omrinnende hûnen op te roppen. Der wurdt erkend dat de boeren lêst ha fan 'e ezels, mar mei't in soad toeristen spesjaal nei it gebiet komme om de ezels te sjen, drage de ezels ek by oan 'e lokale ekonomy.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige side; sjoch foar mear boarnen op en:Cyprus donkey